Psycholoog Leeuwarden

Henrike van der Velde – Psycholooch Ljouwert

Psychology

Tidens myn oplieding psychology ûntduts ik geweldige hânfetten om myn passy út fiere te kinnen. Nammentlik it helpen fan minsken yn it finen fan har krêft. Troch dizze oplieding is myn blik in protte breder wurden en is ûntjouwing fan de persoanlikheid myn spesjaliteit wurden, makket net út hokker   leeftiid. Dyn persoanlike skiednis bliuwt in rol spyljen, dingen út dyn bernetiid kinne dy no noch yn it paad sitte.

Ik ha my tidens en nei myn stúdzje rjochten op cognitieve gedragstherapie, Emotionally Focused Therapy, Acceptance & Commitment Therapy en oplossingsgerichte therapie.

Die kombinaasje fan metoaden jout in breed en folslein spektrum oan mooglikheden om kliïnten op in belutsen en fakkundige manier te helpe.

Wurk

Nei myn stúdzje wurke ik sawol yn earste line- as yn twadde line- soarch. Ik fyn dy breedte noflik, en de ôfwikseling fan kliïnten en klachten hâldt my skerp, alert en alsidich. Ik fyn it wichtich dat in psycholooch ‘berik’ hat, klachten binne faaks net skerp skieden en ûnderfining mei it iene tema kin it oare tema helpe.

Ik ha ûntdutsen dat ik benammen wurkje, fanút  in opfetting dat elk minske florearje kin en in fitale kant hat, dy ‘t groeie kin mei de krekte persoanlike soarch en stipe. De fokus yn de petearen leit benammen op ferbûnens, kommunikaasjestylen en it bouwen oan in sûne basis.

De djipte yn

Yn myn wurk sykje ik de djipte op. Behannelingen betsjutte in protte, de ûnderwerpen binne persoanlik, relevant en hawwe doel op de kwaliteit fan dyn libben. Ik bring dy sa ticht mooglik by dysels. Ek al moatte wy dêr soms muorren foar brekke.

It proses is dêrtroch betiden yndrukwekkend, it set dy altyd oan it tinken en helpt dy om by de kearn fan dysels te kommen. Ik put foldwaning en enerzjy út dat proses en it resultaat dat wy tegearre berikke (n).

Belutsenens en motivaasje

Hoewol it yn de behanneling gjin rol spilet –behalve as in kliïnt dêrom freget– is myn kristlike leauwen in wichtich part fan myn libben. It bepaalt mei myn belutsenens, myn motivaasje en ek hoe’t ik nei de krêft fan myn kliïnten sjoch.

Ek tink ik dat it de boarne is foar de tagonklike, waarme styl fan wurkjen dy ‘t kliïnten stypje kin op mominten dat it wier efkes te swier is om allinne te dragen.

Nim kontakt mei my op

Hasto noch fragen of wolsto mear witte oer my of myn psychologenpraktyk Psycholooch Ljouwert? Belje gerêst foar in ôfspraak nei 058-5853741 of stjoer in mail, ik help dy graach. Ik kin de terapy ek yn it Frysk jaan.