Psycholooch Ljouwert

Ik kin dy helpe

Ik bin Henrike van der Velde,, psycholooch yn Ljouwert. Ik help minsken by gruttere en lytsere fragen, drege en lichte swierrichheden en it proses fan feroaring. Die feroaring kin foar dy oars wêze dan foar in oar. Want nimmen is gelyk en dyn unike kwaliteiten sille dy helpe.
Ik kin de terapy ek yn it Frysk jaan.

Meast foarkommende klachten

De measte minsken hawwe in samling oan fragen, twifels, tinzen en ûngemakken. It fielt of ‘st fêst sitst, do sliepst min of do werkenst dysels net yn it libben datsto libbest. Om’t it allegearre ûndúdlik is kinst der fan werom skrikke om kontakt op te nimmen mei in psycholooch. Dat is spitich, do hoechst it net krekt te witten.

Do fertelst dyn ferhaal, ik stypje en help dy derby en tegearre sykje we nei in oplossing foar de fragen en problemen wêr ‘st mei wrakselst.

Dit binne in tal fan klachten die’t faker foarkomme by Psycholooch Ljouwert:

Konkreet, oandachtich en koart

Wy wurkje oan de hân fan in behannelingsplan. Dat stel ik yn it begjin fan de behanneling op, we nimme it tegearre troch en as it dy oansprekt gean we der mei oan’e slach. Dat is wier wol hurd wurkjen. It trajekt freget oandacht, tawijing en betiden ek dissipline. It is net altiid like leuk of maklik. Dochs is de toan altyd posityf en fleurich. Kliïnten geane trochstrings fol enerzjy nei hús.

Ik bin der foar dy

Do kinst mei elke fraach by my terjochte; en twifelje asjeblyft net, wat foar dy dreech, núfer of wat om dy foar te skamjen is, is dat foar my hielendal net. Ast dyn ferhaal dochst, merkst fuortendaliks hoe’t wy dermei oan de slach kinne. Belje foar in ôfspraak nei 058-5853741 of mail gerêst nei Psycholooch Ljouwert. Ik lear dy graach kennen!